Jonge vloggers socht foar kulturele haadstêd
Kulturele haadstêd siket jongeren fan tusken de 18 en 28 jier dy't lef hawwe, nijsgjirrich binne en fol ambysje sitte. Se wurde frege om vlogs te meitsjen oer de wrâld om har hinne en hoe't se wolle dat dy der letter útsjocht. De vlogs binne foar herrieskoppers, simmeriken en nijkommers.
Jongeren dy't belangstelling ha krije training fan ferskate mediamakkers. Yn novimber, by it slotakkoard fan Kulturele Haadstêd, wurde de resultaten dy't troch de vloggers makke binne oan it grutte publyk presintearre.