Oerienkomst Fryske taal troch sân gemeenten ûndertekene

17 nov 2017 - 17:43
Foto: ANP

Sân Fryske gemeenten hawwe freed de bestjoerlike oerienkomst 'Fries Taalbeleid' tekene. It giet om de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân. Ek de provinsje en it Ryk binne akkoart mei de oerienkomst. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 wurdt de nije gemeente Waadhoeke foarme. De besteande gemeente Ljouwert en Súdwest-Fryslân wurde útwreide. Mei de ûndertekening wurdt foarkaam dat it gebrûk fan de Fryske taal efterút giet.

As in ynwenner fan bygelyks Littenseradiel no yn it Frysk trouwe kin, dan moat dit ek yn de nije gemeente Ljouwert mooglik bliuwe. De bedoeling is dat om de trije jier in rapport makke wurdt oer de stân fan saken wat de Fryske taal oanbelanget. Dit rapport giet ek nei Den Haag, nei it ministearje fan Ynlânske Saken.

Trefwurden: 
oerienkomst Frysk taal gemeente
(advertinsje)
(advertinsje)