Ynwenners entûsjast meitsje om wenning te ferduorsumjen

17 nov 2017 - 17:34

De gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân sille har tegearre ynsette om ynwenners entûsjast te meitsjen om harren wenning duorsum te meitsjen. Yn beide gemeenten rinne projekten hjirfoar, dy binne no bondele binne yn de kampanje Groene Start. Mei de ûntbleating fan twa griene huzen is de aksje offisjeel úteinset.

De bedoeling is dat ynwenners fan in read G-label nei in grien A-label gean. Utgongspunt is dat ek minsken dy't net in soad jild ha, meidwaan kinne. Yn in petear wurde de kosten foar enerzjy besjoen en wurdt besjoen hoe't dizze kosten nei ûnderen kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)