Marrit Leenstra fjirde op 1000 meter yn Stavanger

17 nov 2017 - 17:18
Marrit Leenstra - Foto: awfoto.nl

Reedrydster Marrit Leenstra is by de wrâldbekerwedstriden yn Stavanger fjirde wurden op de 1000 meter. Se ried in tiid fan 1.15.36. De Japanse Noa Kodaira wie de rapste. Se sette in nij baanrekôr del: 1.14.33. Miho Takagi, ek út Japan, waard twadde yn 1.14.79.

Wrâldkampioene Heater Bergsma fan Aldeboarn einige op it tredde plak. De frou fan Jorrit Bergsma ried in tiid fan 1.15.04. Ireen Wüst stelde teloar mei har 14e plak yn 1.16.73

(Advertinsje)
(Advertinsje)