Aksjes ûnderwiisbûn by kongres D66 yn Ljouwert

17 nov 2017 - 16:48

It Algemiene Underwiisbûn sil sneontemoarn aksjefiere by it D66 kongres yn Ljouwert. It bûn fynt it nije regearakkoart min foar it ûnderwiis en wol dêr omtinken foar freegje. Neffens it bûn binne de ynvestearrings dy't it nije kabinet foar de kommende jierren ynpland hat, net genôch om de arbeidsmerk foar it ûnderwiis oantreklik te meitsjen by studinten. Ek helpt it akkoart net mei om de wurkdruk te ferminderjen.

Om dizze problemen op te lossen soe 1,4 miljard euro beskikber komme moatte. Struktureel soe seis miljard euro nedich wêze om de sektor wer sûn te meitsjen.

Trefwurden: 
aksje D66 Ljouwert ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)