''Ried ynformearje oer alternative lokaasjes biofergister''

17 nov 2017 - 16:30

Gemeentebelangen Achtkarspelen wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tenei yn alle riedsgearkomsten de ried bypraat oer de syktocht nei alternative lokaasjes foar de beëage biofergister yn Koatstertille. It kolleezje hat yn oktober tasein dat de ûndernimmer dy't de biofergister pleatse wol, it kommend healjier op syk giet nei in oare lokaasje, fierder fan de doarpskearn.

Gemeentebelangen wol alle moannen op 'e hichte steld wurde fan de resultaten fan de syktocht, om yn april 2018 net foar ferrassings te stean.

(advertinsje)