FIDEO: Liken bestudearje by Human Bodies yn Ljouwert

17 nov 2017 - 16:30

De kontroversjele tentoanstelling Real Human Bodies Expo is freed en it kommend wykein te besjen yn Ljouwert. Yn Hotel Oranje kinne minsken de anatomy fan echte deade minsken bestudearje. De tentoanstelling reizget al in pear moanne troch Nederlân en hat op guon plakken foar opskuor soarge. Sa is it ûndúdlik wêr't de lichems weikomme. Op de site stiet dat it Amerikaanske donoaren binne, dy't foardat se dea gongen tastimming jûn hawwe, mar der soene ek lichems fan Sineeske swervers by wêze.

Tsjin Omrop Fryslân hat wurdfierder Edward Smits twa wiken lyn sein dat de lichems "van over de hele wereld" komme en er der fierder net folle oer kwyt wol. "Onze juridische raadgevers zijn er mee bezig.'' De tentoanstelling wurdt organisearre troch de Amerikaanske tentoanstellingsfirma Prime Time Las Vegas.

(advertinsje)
(advertinsje)