Balksters stimme oer de takomst fan harren doarp

17 nov 2017 - 16:16
It sintrum fan Balk - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ynwenners fan Balk meie fan freed ôf stimme oer de takomst fan harren doarp. Der binne nei ûndersyk ferskate senario's makke troch de gemeente De Fryske Marren en pleatslik belang Balk Vooruit. De ideeën gean benammen oer sosjale en kulturele foarsjennings yn it doarp, mar ek oer sport en ûnderwiis.

It rapport waard freed publisearre. De kommende twa wiken kinne de Balksters harren foarkar oanjaan. Op 29 novimber is der ek in ynringearkomste yn de Treemter, dêr't de ferskate senario's taljochte wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)