Stellerij kantine Dolsterhuzen

31 okt 2011 - 09:01
Foto: Omrop Fryslân

Yn Dolsterhuzen is sneintenacht ynbrutsen yn de kantine fan de sportferiening oan de Kampen. De dieven hawwe in rút fernield. Ut de kantine is in soad itensguod meinommen. Ek waard drank en frisdrank meinommen.

Yn De Westereen is dit wykein benzine út twa auto's stellen. Dat wie oan de Gielfinkstrjitte yn dat doarp. Yn beide gefallen gong it om in pear liter benzine. De plysje stelt in ûndersyk yn, nei de stellerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)