Harnzer krijt selstraf foar brânstichting en fernieling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 33-jierrige man út Harns hat trije moanne sel krigen foar brânstichting en fernieling. Hy hie begjin maaie syn berging achter syn wenning yn de Prinses Margrietstrjitte yn 'e brân setten. Fan de rjochter moat er in skeafergoeding fan goed 600 euro betelje oan de wenningbouferiening. De Harnser wie lilk. Hy fûn dat syn bewâldfierder him net op tiid jild joech.
Syn jild wie op en dat hie er yn meardere berjochten witte litten oan syn bewâldfierder. Doe't dy net reagearre, gie de man troch it lint. Nei't er yn syn berging in matras en papier oanstutsen hie, naaide er út. In opmerksume buertbewenner wist op tiid de brânwacht te warskôgjen.
De Harnser hie earder ek al saken fernield om't er lilk wie. Sa hie er yn juny mei in bakstien meardere ruten ynsmiten. Yn maart hie er in bakstien troch it rút fan in coffeeshop smiten, omdat er fûn dat er de ferkearde weed krigen hie. Dêr hat er doe in wurkstraf foar krigen.