Omrop TIP: Konsertkonkoers fan OMF live

17 nov 2017 - 16:32

Moarn, sneon 18 novimber, is it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) live te folgjen by Omrop Fryslân. Yn de Lawei yn Drachten stride 15 orkesten yn ferskate difyzjes om de punten. It kommentaar en de ynterviews mei orkestleden en diriginten wurde fersoarge troch Andries de Haan en Sijtze van der Hoek. It konkoers is fan 11.00 oere ôf te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop app.

By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream ‘Koperkanaal’ fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it OMF konsertkonkoers, it fideokanaal op Youtube.com/user/OmropFryslan/channels, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op ‘e radio).

Koperkanaal livestream mei it OMF konsertkonkoers: sneon 18 novimber fan 11.00 oere ôf op Omropfryslan.nl en de Omrop app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)