Fertochte gewelddiedige oerfal yn Nes swijt

17 nov 2017 - 16:01
Spoare-ûndersyk by de wente oan de Strikel - Foto: Jaring Rispens

In oerfaller dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de gewelddiedige oerfal op in 73-jierrige man út Nes beropt him op syn rjocht ta swijen. Freed wie de pro-formasitting yn Ljouwert. De 40-jierrige Serviër is op it stuit yn Servië. De offisier fan justysje hat by him west om him te hearren. It DNA fan de Serviër is oantroffen op in sok wêrmei't besocht is it slachtoffer te wurgjen. De man is konfrontearre mei de foto's, mar sei der neat oer.

Gjin feroardieling

De Serviër sil nei alle gedachten net yn Nederlân feroardiele wurde, omdat Servië gjin ûnderdienen útleveret. De oare fertochten moatte nei alle gedachten wol foarkomme. Sy binne wol yn Nederlân. De saak sil yn de maitiid fan 2018 foarkomme. It slachtoffer waard oerdeis troch twa manlju oerfallen. De man waard fêstbûn mei tape.

Dêrnei trochsochten de oerfallers de wenning. Se brûkten ekstreem soad geweld. It slachtoffer hie ferskate bonken brutsen en kniezingen. De oerfallers namen antyk, sierguod en sulveren bestek mei. Trije dagen foar de oerfal wienen der twa manlju mei in East-Europeesk uterlik oan de doar by de man, om in kast dy't hy op Marktplaats hie te besjen.

Trefwurden: 
oerfal plysje Nes Servië
(advertinsje)
(advertinsje)