Omrop TIP: Op wa kin ik stimme?

19 nov 2017 - 10:00
Addy Stoker (Feriene Lofts), Friso Douwstra (CDA), Gijs Jacobse (Gemeentebelangen)

Op woansdei 22 novimber meie de ynwenners fan sân Fryske gemeenten nei de stimbus foar in nije gemeenteried. Dizze gemeenteriedsferkiezingen wurde earder hâlden as gewoan, om't dizze gemeenten ynkoarten fusearje sille ta trije nije gemeenten, te witten De Waadhoeke, Ljouwert en Súdwest-Fryslân. De ynwenners fan dizze gemeenten komme dus yn in gruttere gemeente te wenjen. De ôfstân nei it gemeentehûs sil foar de measten letterlik grutter wurde. Wy sochten út wat de ferskillende partijen de belangrykste punten yn harren gemeente fine.

Listlûkers oan it wurd

Yn Buro de Vries komme alle listlûkers fan de al besteande partijen oan it wurd. Se stelle harsels foar en fertelle wat foar har it wichtichste punt yn de gemeente is dêr't se op ynsette. Fierder gean se yn debat mei twa fan harren kollega's. Hoe behâlde je de eigen ydentiteit? Sille de lytse doarpen net ûndersnije by de grutte kearnplakken? Is de soarch in punt fan soarch en sa ja hoe wolle se dat oplosse? Oer dizze en noch folle mear ûnderwerpen hearre je de plannen fan de ferskillende partijen.

In wike lyn koene je yn Buro de Vries al yn 'e kunde komme mei alle nijkommers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)