"Polityk? Ik stek der gjin enerzjy mear yn"

17 nov 2017 - 15:14

Hast de helte fan de provinsje kin woansdei nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Ferslachjouwer René Koster registrearre dêroer op de Ljouwerter freedsmerk twivel, in ôfkear fan de polityk en foarkar foar lokale partijen. "Wy gean foar in lokale partij, dy minsken witte it bêste wat der libbet en wurde ek net fan boppe ôf oanstjoerd", sei in besiker fan de merk. "Ik gean net te stimmen, se dogge dochs wat se sels wolle. De Harmonie, it Saailân, allegear projekten dy't trochgien binne, wylst de minsken it net woene. Ik stek der gjin enerzjy mear yn!"

In echte Bilkert fertelde út protest tsjin de weryndieling, net nei de stimbus te gean. In D66-stimmer twivele oer har eigen partij fanwege de kabinetsplannen oer de dividindbelesting en in senior keas foar 50Plus: "Want 50-plus dat bin we úteinlik ek, no?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)