Massale plysje-ynset by yntocht Sinteklaas yn Dokkum

17 nov 2017 - 14:16

Sneon is it safier. Dan komt lang om let Sinteklaas oan yn Dokkum. Grif dat der in soad bern freedtenacht minder goed sliepe. Mar ek guon folwoeksenen sille miskien wat mear wekker lizze as oars. Want wat komt der noch mear nei de stêd en hoe folwoeksen binne de foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt. In soarch foar de boargemaster fan Dongeradiel, Marga Waanders.

Protestgroepen

De protestgroepen binne gjin ferrassing foar Waanders. "Doe't wy ús oanmelden om de yntocht te fersoargjen dit jier, wisten wy dat wy dizze diskusje wer krije soene. Hjir moatte je goed mei omgean. Minsken meie yn dit lân fan alles fine, en dat is ek moai. Ik wit dat in soad minsken yn Fryslân wolle dat Swarte Pyt bliuwt sa't dy no is, swart. Mar der binne ek minsken dy't dit feroarje wolle. Wy ha gesprekken hân mei beide groepen."

Uteinlik is besletten dat de aksjegroep tsjin Swarte Pyt wol wolkom is yn Dokkum, mar dat Project P net protestearje mei. Dy lêste groep wol aksjefiere tsjin de anty-Swarte Pitegroep Kick Out Zwarte Piet. Waanders: "It Iepenbier Ministearje, de plysje en de boargemaster sjogge wat wol kin en wat net kin kwa protesten. Protestearje is in grûnrjocht, mar mei rânebetingsten. It Iepenbier Ministearje hat konstatearre dat dat Project P op 'e râne sit fan wat wol en net kin.'' De groep wurdt net tastien om aksje te fieren. Kick Out Zwarte Piet mei de rûte fan de yntocht wol rinne en krijt dêrnei in apart fak tawiisd om te protestearjen.

Plysje-operaasje

De stêd is neffens de boargemaster goed taret op de kloften besikers. Der binne de nedige feilichheidsmaatregels naam en der is sneon in protte plysje oanwêzich yn Dokkum. It is ien fan de grutste plysje-operaasjes yn Fryslân. "Ik tink dat de Alvestêdetocht noch krekt wat grutter is, mar dit is fansels wol in hiel grut evenemint", seit Waanders, dy't tige útsjocht nei de festiviteiten fan sneon.

Sinteklaas wurdt sneon om 12.00 oere ferwachte yn Dokkum. Op ús webcam is te sjen hoe drok it is op de Zijl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)