Fleanbasis Ljouwert krijt ûnbemanne Reaper-fleantugen

17 nov 2017 - 13:58

Yn it jier 2020 fleane der fan de fleanbasis Ljouwert ôf ek ûnbemanne fleantugen. It giet om tastellen fan it type MQ-9 Reaper. It kabinet hellet de oanskaf dêrfan nei foaren. It giet om in ynvestearring fan sa'n 250 miljoen euro. Der wurde der fjouwer kocht en dy wurde ûnderbrocht by it 306-squadron.

By definsje is grut ferlet fan de ûnbemanne tastellen. Fan grutte hichte ôf kin se goed yn de gaten hâlde wat der op de grûn bart. Op de fleanbasis Ljouwert komme grûnstasjons te stean. Yn dy stasjons sitte twa minsken dy't it tastel bestjoere. Dat kin oer de hiele wrâld hinne. De tastellen kin tusken de 14 en 42 oeren yn de loft bliuwe. 

(advertinsje)
(advertinsje)