Iepenbiere skoallen op plattelân driigje te ferdwinen

Op in tal plakken op it plattelân yn de provinsje liket it net goed te kommen mei it iepenbier ûnderwiis, warskôget deputearre Johannes Kramer. De provinsje hat ûndersyk dien nei de sprieding, kwaliteit en berikberens fan it ûnderwiis yn ferbân mei de kommende de gemeentlike weryndielings. De trend is dat it op termyn dreech wurdt om oeral iepenbier ûnderwiis oan te bieden. Mear gearwurking mei kristlike skoallen soe dêrfoar in oplossing wêze kinne.

Op koarte termyn driigje der problemen te ûntstean yn de gemeente Littenseradiel. Seis skoallen yn dy gemeente geane oer nei Ljouwert en de hege opheffingsnoarm dy't dêr jildt, soe betsjutte dat fiif fan de seis skoallen yn Littenseradiel ticht moatte. Der is no in model makke wêryn't te sjen is oft in aparte opheffingsnoarm foar stêd en plattelân ek helpe kin. Deputearre Kramer wol begjin takom jier in konferinsje organisearje oer de problemen mei it iepenbier ûnderwiis op it plattelân.

De nije gemeenteried fan Ljouwert moat op syn lêst yn maart in beslút nimme oer wat de opheffingsnoarm wurdt foar skoallen yn dy gemeente. It spesjale rekkenmodel dat de provinsje Fryslân de lêste tiid makke hat moat gemeentes en skoalbestjoeren helpe om goeie besluten te nimmen.