Plysje siket dieders fan wapene oerfal en winkelstellerij

17 nov 2017 - 13:28

De plysje hat kamerabylden frijjûn fan in wapene oerfal en winkelstellerij yn Ljouwert. De plysje is noch altyd op syk nei de dieders en wol harren identiteit achterhelje. De oerfal wie op 1 septimber by de sliterij fan supermerk Jumbo oan de Van Loonstrjitte. In ûnbekende man gie om 17.00 oere hinne de sliterij binnen en helle in fjoerwapen te foarskyn. Hy twong in meiwurker fan de winkel him it jild út de kassa te jaan. Dêrnei naaide er út.

De winkelstellerij wie op 29 augustus by elektroanikasaak Mediamarkt oan De Sintrale. In man naam dêr twa laptops mei sûnder te beteljen. 

Minsken dy't de mannen werkenne of oare ynformaasje oer de oerfal en de stellerij ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)