Sinteklaas: "Het komt helemaal goed in Dokkum"

17 nov 2017 - 12:49

Presintator Arjen Overmaat besocht al de hiele wike mei Sinteklaas te beljen yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw. Earst bedarre hy yn Spanje, doe yn Frankryk, doe by in Belgysk nûmer. Tongersdei naam Jeroen Kramer op, de ferslachjouwer fan it Sinterklaasjournaal. Mar freedtemoarn slagge it dan einliks. De ienige echte goedhillichman naam de telefoan op en fertelde dat er in hiel soad nocht hat, om sneon yn Dokkum oan te kommen foar de lanlike yntocht.

Sinteklaas, wêrom ha jo foar Dokkum keazen?

"Dokkum is een hele mooie stad met prachtige, historische gebouwen. Fryslân is sowieso een prachtige provincie. Ik kom er graag en elk jaar natuurlijk met veel plezier. Ik vind het ontzettend leuk om nu eens in Dokkum aan te komen als de televisie er bij is. Dan kan iedereen zien hoe mooi Dokkum en Fryslân is. En de mensen in Dokkum zijn natuurlijk heel aardig en lief."

Jo witte, yn Fryslân prate en skriuwe we Frysk. Meie de ferlanglistjes ek yn it Frysk yn de skuon?

"Jazeker, dat is geen enkel probleem. Ik vind het Fries een prachtige taal en ik kan het een beetje verstaan en lezen. Bovendien zijn er genoeg Pieten die dat ook kunnen, dus de kinderen kunnen gewoon in het Fries hun verlanglijstjes in de schoen doen. Dat komt helemaal goed."

Dat is goed om te hearren. Kinne jo sels ek in pear Fryske wurdsjes?

"Nou, 'it giet oan' en 'lokwinske'."

Jo ha wat problemen ûnderweis, mei stoarm en pakjes dy't oerboard waaie. Komt it wol goed yn Dokkum?

"Ik kom zeker aan in Dokkum. Dat wil ik altijd tegen de kinderen zeggen: hoe spannend het Sinterklaasjournaal ook is of wat ze ook zien en horen, het komt altijd helemaal goed. Ze hoeven zich geen zorgen te maken, het is alleen een beetje spannend af en toe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)