Fryske bern leare omgean mei mediagebrûk

17 nov 2017 - 12:13

Bern oerskatte harsels noch wolris as it oer harren mediagebrûk giet. Dat docht bliken út sifers fan de Monitor Jeugd en Media 2017 fan Kennisnet. Jongerein tusken de 10 en 18 jier wit faak wol ynformaasje te finen op it ynternet, mar kin net goed sizze wannear't dy ynformaasje ek korrekt is of net. Om mear omtinken te jaan oan it ûnderwerp media gie freed de 'week van de 'mediawijsheid' fan start. Yn dizze wike wurdt sjoen nei hoe't bern omgean mei media, mar ek hoe't se harren gedrage op bygelyks social media. Yn Fryslân dogge de groepen 7 en 8 fan 149 basisskoallen oan it projekt mei.

Alle dagen kin der oan de hân fan spultsjes punten helle wurde. Oan de ein fan de wike wurdt de klasse mei de measte punten útroppen ta meast mediawize klasse fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)