Warner Hahn: "Ik ben weer nummer één!"

Warner Hahn is folslein better fan syn blessuere en stiet tsjin FC Twente opnij tusken de peallen. De doelman rekke yn de alderearste kompetysjewedstriid blessearre oan syn skouder en stie mar leafst tsien wedstriden oan de kant. Ferline wike makke Hahn syn rentree tsjin Sparta, omdat Martin Hansen in polsblessuere hie. "Ik speel nu weer en het is aan mij om het te laten zien op het veld. Ik ben weer nummer één", seit Hahn.
Fitte seleksje
Nei in wykein sûnder kompetysjefuotbal hat de ploech hurd traind en in oefenwedstriid spile tsjin Werder Bremen (2-2). Fan dizze wike ôf stiet it fizier op FC Twente. Nei fiif kompetysjewedstriden op rige sûnder oerwinning giet SC Hearrenfean op syk nei de trije punten yn Enschede. Trainer Jurgen Streppel kin beskikke oer in sa goed as fitte seleksje. Allinnich Marco Rojas is letter oansluten, omdat hy woansdeitenacht mei Nij-Seelân noch yn aksje kaam foar it WK kwalifikaasjeduel tsjin Peru. Nij Seelân ferlear mei 2-0 en giet dêrtroch net nei it WK yn Ruslân.