Weststellingwerf ynvestearret yn ferkearsfeiligens

Weststellingwerf lûkt 17.000 euro út foar it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens by de basisskoallen yn de gemeente. Op de dyk wurde markearringen oanbrocht. Dy moatte dúdlik meitsje dat der in skoalle stiet en dat der bern omrinne. Net alle skoallen binne fan de dyk ôf goed te sjen.
Op asfaltdiken wurdt de markearring mei ferve oanbrocht, op klinkertdiken bart dat mei wite klinkers. Yn Noardwâlde is dat in pear jier lyn al dien, no binne de oare skoallen dus oan bar. Mei elkoar giet it om 22 basisskoallen. De wurksumheden begjinne noch dit jier.