Frou Vegter krijt lintsje foar ynset by reedriden en keatsen

17 nov 2017 - 11:00

Sijbrigje Elisabeth Vegter út Kollumerpomp hat tongersdei in keninklike ûnderskieding krigen. Se is beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Frou Vegter wie ûnder oare de ôfrûne fjirtich jier frijwilliger by Thialf. Dêr wie se sjuerylid en nasjonaal skiedsrjochter. Fierder wie se lid fan de technyske kommisje fan de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond.

Fan 2005 oant 2015 wie frou Vegter foarsitter fan de keatsferiening De Trochsetters yn Ie. Fan 2011 oant 2017 wie se bestjoerslid fan de Bond van IJsclubs, Gewest Fryslân fan de Koninklijke Nederlandse Schaatsenrijders Bond.

(Advertinsje)
(Advertinsje)