File op A7 by Beetstersweach nei ûngelok; ien ferwûne

17 nov 2017 - 10:57
Foto: Jaring Rispens

Ferkear op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean moat by Beetstersweach rekken hâlde mei flinke fertragingen. Dêr hat in iensidich ûngelok plakfûn, wêrby't in auto yn de middenberm bedarre en op de fangrail botste. De bestjoerder rekke hjirby ferwûne en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto rekke swier skansearre. Fanwegen it ûngelok is der ien rydstrook ôfsletten en stiet der in lange file.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Beetstersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)