PvdD: Dongfraude yn Fryslân hurd oanpakke

17 nov 2017 - 09:47

De fraksje fan de Partij voor de Dieren yn de Fryske Steaten wol dat de provinsje dongfraude hurd oanpakt. Der wurdt op grutte skaal sjoemele mei de dongferwurking, benammen yn Noard-Limboarch en Súdeast-Brabân. Mar ek yn Fryslân binne der boeren dy't fertocht wurde fan dongfraude.

De Partij voor de Dieren wiist derop dat de soarch foar it miljeu ien fan de kearntaken fan de provinsje is. De partij wol dêrom witte hoe't it sit mei de kontrôle op dongferwurkingsbedriuwen. De fraksje makket him soargen oer it miljeu, de wetterkwaliteit en de folkssûnens. 

(advertinsje)
(advertinsje)