Knegt, De Laat en Schulting fierder op 1.000 meter yn Seoul

Suzanne Schulting © ANP
Shorttrackers Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat hawwe harren freedtemoarn by de wrâldbekerwedstriden yn it Súd-Koreaanske Seoul pleatst foar de kwartfinales op de 1.000 meter. Klassemintslieder Knegt wûn syn beide ritten, De Laat waard twadde en tredde, mar mocht op basis fan syn tiid troch nei de kwartfinale. Dy wurdt snein ferriden.
Ek Suzanne Schulting pleatste har foar de kwartfinale op de 1.000 meter. Sy wûn har beide ritten, en docht dit wykein noch folop mei om de prizen op alle ôfstannen. Schulting berikte tongersdei al de heale finale op de 1.500 meter en de kwartfinale op de 500 meter.
Oflossing
Beide Nederlânske ôflossingsploegen stean yn de heale finales. De manlju, mei de Friezen Knegt, De Laat en Dennis Visser, wûnen harren searje fan Japan, Frankryk en Australië. De froulju, mei Schulting en Rianne de Vries, waarden yn harren searje twadde efter Sina. De heale finale wurdt sneon riden.
Troch de pleatsing foar de heale finales dogge beide ôflossingsploegen goede saken mei it each op de Olympyske Spelen. Se moatte yn it wrâldbekerklassemint yn de top acht einigje, en dat bliuwt foar beide ploegen noch goed mooglik. Se stean no beide sechsde.