Kollum: "Seurpiten"

17 nov 2017 - 08:27

"Twa domme blûne froulju sitte yn in restaurant. Seit de iene: ‘Ik ha in swangerskipstest dien.’ Freget de oare: ‘En, wiene de fragen dreech?’

Wêrom hat in domme blûne frou  altyd in lege flesse yn ‘e kuolkast stean?... Foar as der minsken komme dy’t neat drinke wolle.

Dit binne mar twa fan de wol tûzen moppen oer blûne froulju. Fiel ik my oansprutsen? Nee. As de grap goed is, kin ’k der ek noch wol om laitsje en ik fiel my ek net oansprutsen as blûne froulju yn films faak as seksbom delsetten wurde. Ik tink dat it komt omdat ik net in minderweardichheidskompleks ha en my net alles persoanlik oanlûk. Lokkich sitte de measte minsken sa yn elkoar en dy geane moai har eigen gong. Se litte oaren ek yn har wearde en as der al eat is, dan sjogge se earst nei harsels foardat se begjinne te wizen.

Mar der binne ek minsken dy’t altyd wat te mekkerjen ha en sadwaande faak in oar ta lêst binne. Dan tink ik bygelyks oan lju dy’t in hûs keapje neist in kroech, bedriuw of buorkerij mar der nei in pear wiken efter komme dat soks dochs wol drokte jout. En dat wie net de bedoeling want se kamen foar de rêst. Sokken betinke dan fan alles om derfoar te soargjen dat it bedriuw, dat der folle earder wie as har, ferdwynt.

Se belje oates en toates mei de gemeente, meitsje foto’s fan dingen dêr’t se fan tinke dat dat net mei, se kinne faak ek alle regels fan it wetboek en úteinlik binne se skoften dwaande om in oar it libben soer te meitsjen. ‘Om wa giet it no eins?’ freegje ik my yn sokke situaasjes altyd ôf. As immen seurt omdat de bern yn ‘e pauze tefolle drokte op it skoalplein ha… giet it dan om dy bern of om de de persoan dy’t him dêr oan steurt? Ik sis net dat problemen fan oaren flauwekul binne, mar ik fyn al dat we yn dit lân trochslaan om sokken har sin te jaan.

Want seurpiten krije hjir in soad oandacht en rêde it ek noch gauris op om in bedriuw of tradysje nei de kloaten te helpen wylst de mearderheid der net in nacht wekker fan leit en der ek noait op in negative manier oer tocht hat. Sa krije guon it no foar elkoar dat swarte Pyt sa stadichoan ferdwynt, yn alle gefallen al yn ‘e media en yn winkels.

Ik kin bêst wol begripe dat frustraasjes djip sitte kinne mar foar in hiel soad minsken is swarte Pyt gewoan sa’t in tafel in tafel is. Dêr komt by dat as je útsykje wolle wêr’t er wei komt, der ferskate antwurden binne. Mar hy is swart en in knecht, dus yn ‘e eagen fan guon minsken is it rasisme. Ik tink der oars oer, mar woe my der eins ek net drok om meitsje. Dochs ha ik der mear lêst fan as ik ynearsten tocht, want ik baal hieltyd mear as ik der berjochten oer lês. It is in tradysje dy’t by ús lân heart en der binne genôch donkere minsken dy’t der gjin problemen mei ha.

Dus ik moat no mei myn eigen frustraasjes oan ‘e gong en om it leed te fersachtsjen, ha ‘k betocht dat ik in Mercedes cabrio op Sinteklaas freegje. Want cabrio’s binne de favorite auto fan blûne froulju omdat se dan mear romte foar de skonken ha. Ik hoopje dat de auto brocht wurdt toch in allemachtige kreaze swarte Pyt sadat we fuortendaliks efkes teste kinne as der yndied wol genôch romte is. Sa tûk bin ’k dan ek wol wer."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)