Kliïnten Talant dogge mei oan LF2018

17 nov 2017 - 07:38
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Mear as 1.500 kliïnten fan Talant dogge mei oan ferskate projekten en eveneminten fan Kulturele Haadstêd 2018. It giet ûnder oare om in dûnsfoarstelling oer Mata Hari troch minsken mei in beheining fan Talant. Der is ek oansluting socht by teäterprojekten mei akteurs sûnder beheiningen.

De artistike gearwurking tusken Talant en LF2018 is mei mooglik wurden troch 35.000 euro subsydzje fan de provinsje. Boppedat hat de stifting Vrienden van Talant goed 40.000 euro op tafel lein. Fan dat jild kinne de kliïnten nei de ferskate foarstellingen ferfierd wurde.

Corrie van Hilten fan Talant neamt de dielname oan LF2018 in prachtkâns foar de kliïnten om it publyk sjen te litten dat ek minsken mei in beheining ta grutte artistike prestaasjes yn steat binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)