CDA wol 55-plus wenten yn gemeentehûs Ljouwerteradiel

17 nov 2017 - 06:37

De fraksje fan it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel wol dat der yn it gemeentehûs yn Stiens apparteminten foar 55-plussers komme. Dat makke de partij tongersdeitejûn dúdlik yn de riedsgearkomste. It gemeentehûs komt troch de weryndieling leech te stean. It CDA wol der ek in grand café yn ha. De partij hat al mei ferskate planners praat oer it idee.

Oare plannen foar in soarchsintrum of in skoalle sjocht it CDA net sitten. Neffens de fraksje is der foaral ferlet fan hierapparteminten yn de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)