Eastermars Lânsdouwe kriget Fryske Anjer

De belangrykste priis foar natuer en kultuer yn Fryslân - de Fryske Anjer - wurdt freedtemiddei útrikt oan de feriening Eastermars Lânsdouwe. De feriening wie by de oprjochting yn 1992 de alderearste agraryske natuerferiening en in grut foarbyld foar de rest fan it lân. Eastermars Lânsdouwe hie as doel om lânbou, miljeu, natuer en lânskip mei-inoar te ferbinen. Fersoering fan grûn troch rein spile doe in grutte rol. It wie in bedriging foar de natuer en boerebedriuwen drigen op slot te reitsjen.
Troch it inisjatyf is it 'kûlisselânskip' beholden. Want houtwâlen en elzesingels waarden ûnderhâlden en de lânboubedriuwen koene dochs groeie. De Fryske Anjer is yntusken de tredde priis foar Eastermars Lânsdouwe. Neffens foarsitter Van Dijk is it benammen in oeuvrepriis en om't se 25 jier bestean.
De Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro. De betsjutting fan it wurd lânsdouwe is trouwens lanlik gebiet of gea en ek wol krite.