Kiehool Burgum wurdt útfeartsintrum

16 nov 2017 - 21:41

Sjoerdtje de Haan Uitvaartzorg út Burgum ferhuzet yn de rin fan 2018 nei it âlde ûnderkommen fan de stichting foar sosjaal kultureel wurk, Kiehool. De karakteristike boerepleats wurdt de kommende moannen ferboud foar de nije funksje.

De eigenaresse en oprjochtster fan it útfeartbedriuw, Sjoerdtje de Haan, socht al in skoft om in gaadlike romte om de tsjinstferliening út te wreidzjen. Njonken útfearten sil de skuorreomte fan de pleats ek brûkt wurde foar saken lykas ôfskiedsgearkomsten, kondoleânses, eksposysjes en in slokje of in gearkomste nei de útfeart. Wol sil alles oan de útfeart ferbûn wêze.

Neffens de gemeente Tytsjerkstradiel wie der in soad belangstelling foar Kiehool. Al dy partijen is frege in plan te meitsjen. De Haan hat dat ek dien. In publike ynskriuwing hat der net west. It gebou hat gjin wenbestimming. Kandidaten dy't dêr wenje woenen, makken gjin kâns. De priis dy't betelle is foar Kiehool is neffens de gemeente fêststeld op basis fan in taksaasjerapport.

(Advertinsje)
(Advertinsje)