Aksje tsjin Kick Out Zwarte Piet is ferbean

Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam © ANP
De aksje om sneon de demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet by de Ofslútdyk, De Lemmer en op de Sintrale As op te wachtsjen, is ferbean. Dat is besletten nei oerlis tusken boargemaster Waanders fan Dongeradiel, de plysje en it Iepenbier Ministearje. Neffens it Iepenbier Ministearje is der by dizze aksje sprake fan 'opruiing' en dêrmei wurdt de wet oertreden.
De demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet sille foarôfgeand oan de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum in part fan de rûte rinne, dêrnei moatte se op in oanwiisd plak stean.
De plysje hat aksjegroep Project P witte litten dat harren aksje ferbean is. Se hawwe sein dat se it plan ôfblaze sile.