Henk Brandsma fan De Jouwer riddere foar EHBO-wurk

16 nov 2017 - 19:58
Lintsje - Foto: ANP

Henk Brandsma fan De Jouwer is tongersdeitejûn beneamd as lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Fred Veenstra spjelde him de ûnderskieding op by syn ôfskied as foarsitter fan feriening EHBO Joure. Brandsma hat him 25 jier mei hert en siel ynsetten foar de feriening, neidat hy yn febrewaris 1993 syn EHBO-diploma helle.

In pear jier lyn is by him de sykte ALS fêststeld, mar dat wie gjin reden om op te hâlden mei syn bestjoersaktiviteiten. Omdat hy no lêst krijt fan syn stim, hat er besletten toch op te hâlden. Oant febrewaris 2018 sil hy al syn kennis en kunde oerdrage oan syn opfolger en dan is it ôfskied definityf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)