A7 by Snits ticht fanwege kakao op de dyk

16 nov 2017 - 19:57

De rûnwei fan Snits is tongersdeitejûn ôfsletten fanwege kakao op de dyk. In auto mei oanhinger hie de lading kakao ferlern. Troch ûnbekende oarsaak botste in auto tsjin de fangrail. In auto dy't dêrachter ried, moast útwike en bedarre ek yn de fangrail. In tredde auto mei in karre derachter moast fol yn de remmen en ferlear dêrtroch syn lading kakao.

It ferkear wurdt omlaat. Nei alle gedachten sil de stremming oant 1 oere fannacht duorje.

Trefwurden: 
kakao rûnwei Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)