Kûgelgatten yn dak tsjerketoer fan Wurdum

16 nov 2017 - 19:48

De toer fan Wurdum is besketten. Der sitte ferskate kûgelgatten yn de laaien fan de toer, en it sink is ek rekke. It kolleezje fan rintmasters tinkt dat der sketten is mei in swier kaliber luchtbuks. De skea waard ûntdutsen by de wurksumheden dy't op dit stuit dien wurde oan de toer. Der moatte no sawat trijehûndert laaien ferfongen wurden en dat betsjut in kostepost fan tûzenen euro's.

Yn de doarpskrante dogge de rintmasters in oprop oan dejingen dy't it dien hawwe of dy't witte wa't it dien hawwe, harren te melden by de plysje. Se hoopje de skea dan ferhelje te kinnen op de dieders.

Trefwurden: 
Wurdum toer
(Advertinsje)
(Advertinsje)