No ek festiging Wurkjouwer yn Súdwest-Fryslân

Wethâlder Stella van Gent hat tongersdei yn Snits de earste festiging yn de gemeente Súdwest-Fryslân iepene fan de Wurkjouwer. De ynstelling is opset om minsken mei problemen of in learachterstân dy't dreech oan de bak komme, in kâns te jaan yn de maatskippij. Ek flechtlingen mei in status kinne dêr terjochte. Yn De Fryske Marren bestean al trije fan sokke wurkprojekten. Mar yn Súdwest-Fryslân is it de earste.
By in wurkbedriuw krije minsken de mooglikheid om stadich en op harren eigen wize wer 'arbeidsfit' te wurden. Se dogge dat troch allerhanne saken te learen en te dwaan, lykas bygelyks fytsen opknappe, fervje, naaie en noch folle mear. Sa wurde se stadichoan ree makke foar frijwilligerswurk of in staazjeplak by in bedriuw. Yn De Fryske Marren binne al ferskate minsken dy't djip yn de problemen sieten op dizze wize wer oan in baan slagge.