Opljochtsjende algen yn keunstprojekt Ikoan Ofslútdyk

16 nov 2017 - 18:21

In keunstwurk mei opljochtsjende algen is ien fan de ûnderdielen fan it ljochtkeunstprojekt Icoon Afsluitdijk. Dat set tongersdeitejûn útein. It projekt wurdt hâlden yn it ramt fan it 85-jierrige bestean fan de dyk. Keunstner Daan Roosegaarde hat trije ljochtprojekten betocht: Glowing Nature, Lichtpoort en Windvogel.

Yn it Kazemattemusuem is it ljochtprojekt Glowing Nature. Dêr wurdt gebrûk makke fan it natuerfenomeen fan opljochtsjende algen. By Lichtpoort ljochtsje oan wjerskanten fan de dyk de slûzekompleksen op yn de koplampen fan de auto's. Windvogel is in draak dy't mei in kabel oan de grûn fêstsit. De wyn lit de draak bewege en sa wurdt der stroom opwekt dy't brûkt wurdt om de kabel te ferljochtsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)