Jenny wol Swarte Pyt-demonstranten tsjinhâlde

Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam © ANP
In filmke wêryn't Jenny Douwes fan Drachten Fryslân opropt om de aksjefierders tsjin Swarte Pyt út ús provinsje te kearen, smyt online hûnderten reaksjes op. Nasjonale media wêrûnder GeenStijl ha it filmke oppikt. "Ik ha in hiele protte positive reaksjes hân," seit Douwes. "We binne net út op gedonder, mar we wolle in dúdlik statement meitsje. Diskusje oer Swarte Pyt fyn ik prima, mar net dat minsken út de Rânestêd hjir tusken de bern komme te stean om te protestearjen. Sy moatte moai yn Amsterdam bliuwe. As wy no net sizze dat we hjir gjin sin oan ha, wa sil it dan sizze?"
Op Facebook is der yntusken in evenemint oanmakke om de "ZeurPieten" tsjin te hâlden.