Spesjale drop foar Kulturele Haadstêd

16 nov 2017 - 17:20

Der komt in spesjaal Kulturele Haadstêd-dropke. De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 hat dêr in oerienkomst oer ûndertekene mei dropfabryk Concorp yn Jirnsum. It spesjale dropke falt ûnder it merk Oldtimers. Hoe't it smakket, is noch net bekend. Der wurdt noch oan wurke. Dat bart yn gearwurking mei supermerkketen Poeisz. Dêr is it dropke aanst eksklusyf te keap. Concorp wurdt mei it merk Oldtimers ek ko-sponsor fan Kulturele Haadstêd.

Trefwurden: 
drop
(Advertinsje)
(Advertinsje)