Stiennen en pún op it strân? Meld it de gemeeente

16 nov 2017 - 17:08

De gemeente Skiermûntseach pakt de oerlêst oan fan stiennen en púnresten op it strân. It pún komt fan in strekdaam dy't Rykswettersteat ein jierren '70 oanlein hat. De stiennen kinne gefaarlik wêze by it swimmen of oare aktiviteiten yn it wetter en op it strân.

De gemeente hat mei Rykswettersteat ôfpraat dat dy in grut stik fan de daam fuorthellet. Rykswettersteat ynspektearret de situaasje foardat it strânseizoen begjint.  Yn it seizoen rêdt de gemeente stiennen op. Minsken dy't stienneboel fine yn badseizoen, kinne dat by de gemeente melde.

Trefwurden: 
stien Skiermûntseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)