PvdA: "Lêste adressen ek oanslute op rap ynternet"

16 nov 2017 - 16:54

De provinsje moat sa gau mooglik regelje dat de lêste adressen oansletten wurde op rap ynternet. Dat wol de PvdA yn Provinsjale Steaten.

Kabelnoord stiet op it punt de meast ûnrendabele adressen oan te sluten op it rappe ynternet. Der is in lytse kink yn de kabel, want adressen sûnder glêsfezel moatte wachtsje. Neffens de PvdA moatte beide tagelyk oansletten wurde op it glêsfezelnet. It hat al fierstente lang duorre, fynt de partij. Neffens planning moatte de ûnrendabele gebieten oer trije jier rap ynternet hawwe. In tiidspaad foar adressen sûnder glêsfezelkabel is ûnbekend, neffens de PvdA.

Trefwurden: 
rap ynternet glêsfezel PvdA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)