Hûndertjierrigen krije eigen beam yn Opsterlân

16 nov 2017 - 16:26

Yn de gemeente Opsterlân wurdt fan no ôf in fruitbeam plante foar elke hûndertjierrige. Yn Oerterp en De Gordyk komme saneamde 'trochjoutunen' nei in idee fan boargemaster Ellen van Selm. Se giet altyd by alle hûndertjierrigen op jierdeisbesite, mar in kado keapje is altyd dreech. Faak hawwe de minsken alles al, en de bagaazje fan it libben is ek hiel grut. Dus kaam se op it idee de minsken op in beam te traktearjen. Troch it ynrjochtsjen fan de 'trochjoutunen' wol de gemeente de hûndertjierrigen earje en derfoar soargje dat oaren der ek fan genietsje kinne. Sa kin elkenien alle maitiden wer sjen dat it libben trochjûn wurdt, as de beammen wer bloeie.

Yn Oerterp waarden tongersdei trije beammen plante foar twa froulju fan 100 en ien frou fan 103 jier âld. Alle trije wiene se oanwêzich. Se fûnen it prachtich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)