VLOG: Wurdt der stimd yn Snits, Ljouwert en Sint-Anne?

16 nov 2017 - 16:15

Fiif Fryske gemeenten hâlde mei yngong fan  2018 op te bestean. It giet om Littenseradiel, It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Ljouwerteradiel. De ynwenners fan dizze gemeenten meie 22 novimber nei de stimbus en ek de ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân stimme om’t har gemeente grutter wurdt.

Ferslachjouwers Afke Boven (Ljouwert), Lennie Bronsveld (Waadhoeke) en Bauke Deelstra (Súdwest-Fryslân) dogge fanút de trije nije gemeenten yn vlog-foarm alle dagen ferslach fan de saken dy’t yn dy gemeente spylje.

Bauke Deelstra is yn Snits. Libje de ferkiezings ûnder de ynwenners dêr?

Afke Boven is yn de stêd Ljouwert

Lennie Bronsveld helpt mei de ôfwask yn Sint-Anne, mar op wa moatte sy dêr stimme? 

(Advertinsje)
(Advertinsje)