"En toen ineens zag ik een slurf binnenkomen"

16 nov 2017 - 15:36

Stel dy foar: wurdst midden yn de nacht wekker en der stiet in oaljefant yn de sliepkeamer. Dat sil hjir yn ús lân fansels net sa gau gebeure, mar it oerkaam fotograaf Henk Laverman út Wurdum wol. Laverman ferbleau yn in lodge yn Sambia, doe't hy midden yn de nacht wekker waard fan in protte kabaal. "Ik kon in eerste instantie niet plaatsen wat het was. Het lawaai naam enorm toe en er werd van alles afgebroken. En toen ineens zag ik een slurf binnenkomen", seit Laverman.

Slurf

Doe't Laverman de slurf seach, besefte er him dat der in oaljefant bûten de lodge stie. "Dat was te gek voor woorden natuurlijk! Dus ik ging plat op bed liggen, helemaal onder de dekens met alleen mijn kop er bovenuit. En maar kijken wat er ging gebeuren", fertelt Laverman. "Die slurf die ging maar heen en weer. En daardoor vielen steeds meer dingen om. Uiteindelijk werd met een harde klap de voordeur open geknald en kwam de olifant naar binnen."

Iten

Laverman skrok him rot en besefte him dat er tige stil hâlde moast. "Op dat moment zag ik de indrukwekkend grote kop, met slagtanden en slurf en grote poten. Hij was zo'n drie meter bij mij vandaan en alles in de lodge gooide hij om. Maar toen ineens hoorde ik dat de olifant in de lodge ging eten. Dat vond ik raar, omdat ik niks eetbaars had. In totaal duurde dit eten wel een uur. Heel spannend! Uiteindelijk verdween hij."

Ravaazje

Doe't de oaljefant fuortgie, besocht Laverman fuortendaliks om de doar fan de lodge wer te sluten. "Dat lukte totaal niet. De deur was compleet vernield. De olifant had een ravage aangericht." Lang om let is Laverman op de boppeferdjipping fan de lodge sitten gien. Dêr hat er noch in oardel oere sliepe kinnen.

Nei dy lange nacht begûn Laverman him te realisearjen wat him oerkaam is. "Dankzij alles, ik weet ook niet hoe, heb ik het wel gered. Ik ben wel heel blij dat mij niks is overkomen!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)