Meiwurkers fallite skipswerf krije doch noch lean útbetelle

16 nov 2017 - 15:00

De Ljouwerter skipswerf CMS is troch de Ljouwerter rjochtbank fallyt ferklearre. It bedriuw hie al langer grutte finansjele problemen. De 25 meiwurkers hawwe de lêste 2,5 moannen gjin lean krige. It UWV nimt dat no oer fan it bedriuw, sadat de meiwurkers yn alle gefallen harren lean útbetelle krije.

Earder waard it wurk op de werf troch de ynspeksje stillein, om't mei asbest fersmoarge straalgrit op it terrein fûn waard. Dat hat it bedriuw in soad jild koste. De werf hat noch by de rjochter besocht om dy kosten te ferheljen op de leveransier fan it grit, mar dat mislearre.

Trefwurden: 
CMS skipswerf
(Advertinsje)
(Advertinsje)