Feroaringen oertocht It Amelân: sneltsjinst en hegere priis

© Omrop Fryslân, Herman Zeilstra
Rederij Wagenborg komt ein maart takom jier mei in sneltsjinst tusken It Amelân en Holwert. It is ien fan de maatregels om wat te dwaan oan de fertragingen dy't de fearboat faak hat troch de problemen mei de ûndjippe fargeul. In oare maatregel is in 'knip' yn de nije tsjinstregeling. Dat betsjut dat de boat fan healwei ienen fan It Amelân tenei om ien oere fuortgiet. Sa ûntstiet in heal oere romte, dêr't in fertraging mei ynrûn wurde kin.
De priis fan de oertocht giet takom jier omheech. Reizgers fan en nei it eilân moatte tenei tsien sint mear betelje foar in boatkaartsje.