Eise Eisinga Planetarium: It Moaiste fan Fryslân

16 nov 2017 - 17:35

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat de ferkiezing It Moaiste fan Fryslân wûn. Dat is tongersdei yn it rjochtstreekse telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed yn de Blokhúspoarte bekend makke. Mei hast 20 prosint fan de stimmen is it âldste planetarium fan de wrâld in oertsjûgjende winner. Op it twadde plak einige de Wetterpoarte yn Snits mei mear as 15 prosint fan de stimmen. De Noorderhaven yn Harns is tredde wurden mei 12,5 prosint fan de stimmen.

Direkteur Adrie Warmenhoven fan it planetarium is út 'e skroeven mei it earste plak. "Echt geweldig, zo fantastisch." Warmenhoven krige in spesjale plakette om oan de muorre fan it planetarium te hingjen, oerlange troch sjueryfoarsitter Jannewietske de Vries. Ek sy wie tige bliid mei de winner en neamde it planetarium "ús eigen Leonardo da Vinci".

Oandacht foar arsjitektuer

Arsjitekten Bauke Tuinstra en Jacob Borren binne de inisjatyfnimmers fan de ferkiezing. “Met 2018 in het vizier hebben we ons de vraag gesteld of er zoiets als specifieke Friese architectuur en stedenbouw is”, sei Tuinstra. Se fine it ek wichtich dat Friezen sels foldwaande each ha foar de romtlike kwaliteit. Borren: “We hebben geen wereldiconen, maar al die mooie dorpsgezichten, huizen, kerken en landschappen vertellen met elkaar het verhaal van Fryslân. En dat is precies de bedoeling”.

2018

Martin Cnossen fan Merk Fryslân seit dat de toerisme yn Fryslân in soad ha sil oan dizze ferkiezing. “It konsept ‘Ask the local’ is hiel populêr. Dan jout de lokale boarger oan wêr’t de toerist it bêste hinne kin. En troch dizze ferkiezing ha we in goed byld fan de plakken dy’t de Friezen sels moai fine”, sei Cnossen. Merk Fryslân is fan plan om in app te ûntwikkeljen. Mei dy app kin de toerist de top 100 fine dy’t út dizze ferkiezing kaam is en sa in rûte bepale by dizze plakken del.

It Moaiste fan Fryslân

De ferkiezing foar It Moaiste fan Fryslân is earder dit jier úteinsetten. Friezen ha harren moaiste hûs, doarp, wyk, stêd of lânskip nominearre. In faksjuery ûnder lieding fan Jannewietske de Vries hat dêrnei in top 100 selektearre, dêr’t Friezen op stimme koene. Nei 30.000 stimmen kamen der 10 finalisten út, dy’t de striid oangiene foar de titel: It Moaiste fan Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)