Cambuur hat wichtich programma foar de boech

16 nov 2017 - 13:41

SC Cambuur stiet foar in oantal wichtige wedstriden, te begjinnen mei de thúswedstriid tsjin Fortuna Sittard freed. Yn it eigen Cambuurstadion wisten de Ljouwerters dit seizoen noch net te winnen. Nei Fortuna komme de kommende wiken ek FC Den Bosch en Telstar nei Ljouwert. 

Cambuur mist tsjin Fortuna yn elts gefal Darren Rosheuvel, Ricardo Kip en Nigel Robertha. Issa Kallon en Furdjel Narsingh binne net folslein fit, mar sitte wol op de bank. 

"Ploeg is weer fris"

Trainer Marinus Dijkhuizen ferwachtet freed in wedstriid wêryn't Cambuur in soad balbesit hat, om't de ploech út Sittard op 'e counter gokt. "Fortuna heeft een aardige ploeg met veel scorend vermogen. In de omschakeling moeten we het goed voor elkaar hebben", tinkt Dijkhuizen. Sipke Hulshoff hat freed de lieding oer Cambuur, omdat Dijkhuizen skorst is. Hy waard fuortstjoerd yn de wedstriid tsjin NEC. Dat duel is alwer twa wiken lyn. Troch de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal wie der gjin betelle fuotbal it ôfrûne wykein. De seleksje fan Cambuur hie in pear dagen frij. Dijkhuizen: "Dat is goed geweest. Het was lekker voor iedereen en de ploeg is nu weer fris."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)