Brânwacht jout âlderein foarljochting oer reekmelders

De ôfrûne twa jier hat de brânwacht Fryslân by âlderen dy't noch op har sels wenje lâns west, om harren foar te ljochtsjen oer de gefaren fan brân. Tegearre mei Woonzorg Nederlân binne yn Fryslân 1.000 reekmelders pleatst. Alderen rinne neffens de sifers twa en in heal kear safolle kâns om deadlik slachtoffer te wurden fan in brân as oaren. Sa giet der noch wolris wat ferkeard mei it opladen fan elektryske fytsen as skootmobilen.
In wenninbrân yn 2015 yn Nijmegen mei deadlike ôfrin wie neffens Heleen Talman fan Woonzorg Nederlân de direkte oanlieding foar de foarljochtingskampanje.