Drugshannelers op wei nei Ljouwert oanhâlden

© ANP
De plysje hat twa manlju fan 28 en 35 jier fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan drugshannel. Se waarden al langere tiid yn de gaten hâlden en oppakt doe't se tiisdei yn de auto sieten nei Ljouwert. Nei ferhoar waard de 28-jierrige man frijlitten. De 35-jierrige fertochte sit noch fêst foar fierder ûndersyk.
Nei de oanhâlding waarden yn it hûs fan de 35-jierrige man harddrugs en in fjoerwapen fûn. Dizze binne yn beslach naam.